Hierkleur

Minsklike hierkleuren: mei de klok mei fan rjochtsboppen ôf: swart hier, brún hier, blûn hier, griis hier en read hier.

Hierkleur is de kleur fan minsklik hier. Dy wurdt bepaald troch de pigmintaasje fan 'e hierpûdsjes mei twa soarten melanine: eumelanine en feomelanine. Oer it algemien kin steld wurde dat wat mear eumelanine oanwêzich is, wat dûnkerder it hier is, en wat minder eumelanine, wat ljochter it hier is. Feomelanine jout it hier in rodzige tint. De hoemannichten eumelanine en feomelanine dy't men hat, en dêrtroch dus jins hierkleur, binne fierhinne genetysk bepaald en binne assosjearre mei jins etnysk komôf. Hierkleuren wurde by de minske yndield yn fjouwer oanberne kleuren. Fan ljocht nei dûnker binne dat: blûn hier, read hier, brún hier en swart hier. It proses fan ferâldering liedt der by frijwol eltsenien op in stuit ta dat it hier syn kleur ferliest. Dêrtroch ûntstiet griis hier, dat beskôge wurde kin as in fyfde (sij it net oanberne) hierkleur.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy