In hotel is in tsjinstferlienend etablissemint mei in kommersjeel eachmerk dêr't men tsjin betelling oernachtsje of ûnderdak fine kin. It wurd 'hotel' komt fan it Latynske hospitalis, dat "gastfrij" betsjut. Hotels kinne yndield wurde neffens in hotelklassifikaasje dy't gebrûk makket fan stjerren, wêrby't fiif stjerren it heechst helbere en nul stjerren it leechste is. Hotels meitsje faak ûnderdiel út fan in hotelkeatling, mei fêstigings yn ferskate plakken, soms ferspraat oer de hiele wrâld. Guon ferneamde hotelkeatlings binne Hilton Hotels & Resorts, de Ritz-Carlton Hotel Company en Bilderberg.