Indianapolis | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Indiana | |
County | Marion County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 829.718 (2010) | |
Oerflak | 963,5 km² (ynkl. wetter) 945,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 861 / km² | |
Stêdekloft | 1.756.241 (2010) | |
Hichte | 218 m | |
Oar | ||
Stifting | 1821 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 39°46′07″N 86°09′29″W | |
Offisjele webside | ||
www.indy.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Indianapolis (read) yn Marion County en yn 'e steat Indiana. |
Indianapolis, gauris ôfkoarte ta Indy, is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Indiana. Dêrnjonken is it ek it haadplak fan Marion County. De ynwenners fan Indianapolis binne Indianapolitanen, en it byhearrende eigenskipswurd is Indianapolitaansk. Indianapolis leit sintraal yn 'e steat, oan 'e Wite Rivier en de Fall Creek, yn in prêrjegebiet dat de namme draacht fan 'e Central Till Plains ("Sintrale Lânbouflakten"). Dat is in frijwol flak gebiet dat út en troch licht gloait. Bestjoerlik sjoen is Indianapolis in konsolidearre stêd-county, wat sizze wol dat it stedsbestjoer fan Indianapolis ek it countybestjoer is fan Marion County. Dy county omfiemet lykwols njonken Indianapolis ek noch ferskate oare, folle lytsere gemeenten dy't op lokaal nivo harsels bestjoere. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 hie Indianapolis doe krapoan 830.000 ynwenners, wêrmei't it yn grutte de trettjinde stêd fan 'e Feriene Steaten wie. As alle foarstêden en it heal ferstedske plattelân deromhinne meirekkene wurde, komt Indianapolis as agglomeraasje út op in befolking fan hast 1,8 miljoen minsken.