Jager-samler is de beneaming foar de minske dy't him yn libben hâldt troch de jacht en/of it sammeljen fan planten. Dizze wize fan libjen waard by de measte folken letter ferfongen troch de lânbou.
Yn de skiednis fan de minske beslacht it tiidrek dat sy foar harren deiliks bestean ôfhinklik wienen fan jagen en sammeljen fierwei it grutste part. Nei alle gedachten hawwe de ierste minske-eftigen benammen plantaardich fiedsel ieten (woartels, beien, siedden, fruchten, nôt, fûgelaaien en ynsekten), en allinnich fleis as sy tafallich in dea bist op har wei fûnen. Letter makken minsken ark en wurken tegearre om better jeie te kinnen. En troch bettere jachtmetoaden, de útfining fan de spearwerper, pylk-en-bôge en de domestisearring fan de hûn koe de opbringst fan de jacht tanimme.
De jager-samlers wienen hieltyd op weis, omdat sy harren proai folgje moasten of nei in oare fiedselboarne op 'e siik wienen. Underweis waard socht nei ytbere wylde planten en jage op bisten. Alle dagen moast der wer socht wurde om genôch iten. Meastentiids libben sy yn lytse kloften (trochsneeds 20-50 persoanen) en resten út ûnder oerhingjende rotsen, grotten of oar ienfâldige skûlplakken oant de tiid om wer fierder te gean. De manlju wienen yn de groep de jagers, wylst de froulju en bern harren dwaande hâlden mei it sammeljen fan planten.
Yn it Midden-Easten, yn it gebiet fan de fruchtbere sisel, waard troch de jagers-sammelers mear as 10.000 jier lyn begûn mei planten te kultivearjen, benammen nôt en grienten. Noch wat letter, op ferskate plakken en op ferskillende tiden, gongen kloften minsken oer op it hâlden fan fee en húsdieren. Dat tiidrek wurdt de neolityske revolúsje neamd.