Jeruzalim

Jeruzalim
ירושלים
Bestjoer
Lân Israel
Distrikt Jeruzalim
Boargemaster Moshe Lion
Sifers
Ynwennertal 981.711 (2022)
Oerflak metropool 652 km²
Befolkingsticht. 7800/km²
Stêdekloft 1.253.900
Hichte 754 m
Oar
Postkoade 9XXXXXX
Netnûmer +972-2
Offisjele webside
jerusalem.muni.il (in)
Wapen fan Jeruzalim
De Kalatravabrêge

Jeruzalim (Hebriuwsk: ירושלים Jerûsjalajym, Arabysk: القدس al-Kûds of أورشليم Oersjalym), is de haadstêd fan de tsjintwurdige steat Israel en is al tsientallen iuwen âld.

Yn de Bibel komt de namme it earst foar yn it boek Jozua; as de earste Israelyske kening David de stêd oermasteret op de Jebusiten en er syn troan fêstiget. Syn opfolger Salomo lit er de timpel bouwe.

Nei de ferneatiging troch de Romeinen yn it jier 70 krige de stêd in oare namme, mar bleau lykwols yn de tinzen hingjen fan de Joaden dy't oer de wrâld ferspraat wienen en hopen ris in kear werom te kommen. Troch de Romeinen waard ek de timpel ferwoaste. It iene dat der fan stean bleau wie in part fan de Westlike muorre, dat no bekend stiet as de Kleimuorre.

Yn 614 waard de stêd opnij ferneatige, diskear troch de Perzen en yn 637 kaam de stêd ûnder Islamitysk bewâld. Yn it Arabysk is de stêd bekend as Al-Quds. De krúsfarders feroveren yn 1099 de stêd en rjochten in ferskuorrende moarderij oan ûnder de Joaden en Moslims dy't dêr wennen. Tusken 1517 en 1917 wie de stêd part fan it Osmaanske Ryk, dêr't de Britten nei de stêd besetten.

Yn 1948, by de stifting fan Israel, waard Jeruzalim (alteast it nije part dêrfan) ta haadstêd makke fan de nije steat en foege de Alde stêd deroan ta nei de Seisdeiske Oarloch yn 1967, dy't derfoar yn hannen wie fan Jordaanje. Dizze anneksaasje is lykwols ynternasjonaal net erkend en noch hieltyd swier omstriden omdat it yn striid is mei resolúsje 242 fan de feilichheidsried.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in