In jierdei is de dei dêr't men jins berte op fiert. Yn in protte lannen, wêrûnder Nederlân, komt jins jierdei oerien mei jins bertedei; dus wa't berne is op 1 juny, om mar in willekeurige datum te nimmen, fiert syn libben lang syn jierdei op 1 juny. Yn it gefal dat minsken berne binne op 'e skrikkeldei 29 febrewaris leit dat justjes oars, om't dy dei mar iens yn 'e fjouwer jier foarkomt. Sokke lju fiere har jierdei yn net-skrikkeljierren almeast op 28 febrewaris (yn deselde moanne) of inkeldris op 1 maart.
Soms komt it foar dat men om praktyske redens jins jierdei wolris op in oare dei fierd as wannear't jins jierdei eins falt. Soks kin ris ien kear foarkomme, bygelyks troch drokte op it wurk, mar it is ek mooglik dat it struktureel dien wurdt, bygelyks as in âlder syn jierdei op deselde dei hat as (ien fan) syn bern. Om dan it bern op dy dei yn it mulpunt fan 'e belangstelling te pleatsen, fiert de âlder syn eigen jierdei meastal op in oare dei.
Yn guon lannen fiert men jins jierdei lykwols hielendal net op jins bertedei, mar is it wizânsje om 'e jierdei op jins namdei te fieren, de dei fan 'e hillige nei wa't men ferneamd is.