Jild

Papierjild en munten.

Jild is in ding dat yn in bepaald lân of binnen in sosjaal-ekonomyske kontekst algemien akseptearre wurdt as betelling foar guod of tsjinsten en de werombetelling fan skulden. As wichtichste funksjes fan jild wurde ûnderskieden: ruilmiddel, rekkenienheid, oppotmiddel en ynsidinteel ek as ienheid foar útstelde betellings.

As ekonomysk ruilmiddel ûnderskiedet jild him fan oare ruilmiddels trochdat it de wjertsjinst, dy't oan de ruilpartner ferskuldige is, net daliks foldocht, mar op grûn fan algemiene en wetlike erkenning brûkt wurde kin foar fierdere ruiltransaksjes.

Jild is ûntstien as commodityjild, mar hast alle hjoeddeiske jildsystemen binne basearre op fidusiêr jild. Fidusiêr jild hat gjin yntrinsike brûkwearde as in fysike goed en ûntlient har wearde allinnich oan it feit dat in oerheid dit jild as in wettich betelmiddel oantsjut; dat wol sizze dat dit jild akseptearre wurde moat as in foarm fan betelling binnen de grinzen fan it lân, foar "alle skulden, publike- likegoed as private".

De jildhoeveelheid fan in lân bestiet út gartaal jild (bankbiljetten en munten) en direkt opfreechbere depositorekkeningen of 'bankjild' (de balâns yn betel- en sparrekkeningen). Dizze direkt opfreechbere depositorekkeningen binne hast altiten folle grutter as de hoeveelheid gartaal jild. Bankjild is net taastber en bestiet allinnich yn de foarm fan ferskate bankrecords. Nettsjinsteande it feit dat bankjild net taastber en ymmaterieel is fiert bankjild noch altiten de basisfunksjes fan jild út, omt bankjild algemien as in foarm fan betelling akseptearre wurdt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in