It joadedom[1][2] of joadendom[3][4] is de godstsjinst fan it Joadske folk.
It Joadedom is in monoteïstyske godstsjinst. De Joaden leauwe dat er mar ien God is dy't alles makke hat, en dêr't alle wêzens ûnderhearrich oan binne. It is de âldste noch besteande monoteïstyske godstsjinst, en de twa grutte monotheïstyske godstsjinsten, it Kristendom en de Islam, binne fan it Joadedom ôflaat.
Yn de Joadske godstsjinst nimt syn hillige boek de Tenach, dat oerienkomt mei wat yn it Kristendom it Alde Testamint neamd wurdt, in wichtich plak yn. Mei útsondering fan inkele passaazjes yn it Arameesk, is it skreaun yn it Hebriuwsk. De Tenach wurdt troch de Joaden sjoen as in iepenbiering fan God.