Joaris (hillige)

Joaris
   hillige
Sint-Joaris.
Sint-Joaris.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 270-280
berteplak Kapadoasje
stjerdatum 23 april 303
stjerplak Lydda, Nikomeedje
wurkpaad
berop Militêr
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
Anglikaanske Tsjerke
hjeldei 23 april (R.-K.)
23 april en 6 maaie (East.-Ott.)
attributen Joariskrús, lâns, hynder, draak
patroan fan (û.o.) Ingelân, Georgje, Portugal, Servje, Byzantynske Ryk, Litouwen, Moskou, Barseloana

Joaris (Latyn: Georgius; Gryksk Γεώργιος Geó̱rgios, Koptysk: Ⲅⲉⲟⲣⲅⲓⲟⲥ Georgios; nei alle gedachten yn de 3e iuw yn Kappadoasje berne; ferstoarn op 23 April 303 yn Lod/Israel of Nikomeedje) is in legendaryske kristlike martler, dy't neffens de oerlevering oan it begjin fan de kristenferfolging ûnder Diokletianus (284–305) de martlersdea ferstoar. Yn de otterdokske tsjerken wurdt de hillige as aartshillige fereare.

De histoaryske ynformaasje oer Joaris bliuwt ûnwis. Fanwegen it mooglik legindaryske karakter waard Joaris troch de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 1969 fan de roomske hilligekalinder skrast, mar yn 1975 wer tafoege. De ferearing fan Joaris as hillige begûn al hiel betiid en al yn de 4e iuw waarden tsjerken oan him wijd. Sadwaande is der net in soad reden om te twifeljen dat der ea in histoaryske Joaris libbe hat.

Joaris wurdt rekkene ta de Fjirtjin Needhelpers en is boppedat ien fan de populêrste hilligen fan it kristendom. Hy is patroanhillige fan meardere lannen, stêden en ridderoarders. Joaris helpt by in grut tal saken. Hy kin oanroppen wurde tsjin de gryp, pest, lepra en melaatskens, syfilis, hûdkrupses; earsyktes. Ek soe de help fan Joaris foar better waar en by gekoanstekkerij, ûngemakken en oarlochsgefaar frege wurde kinne. De namme Joaris is noch altiten ien fan de populêrste nammen yn Jeropa.

Sint-Joaris is fan in grut tal lannen en plakken de patroanhillige. Yn Fryslân is Joaris de patroanhillige fan de doarpen Easterbierrum en Britswert.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy