John F. Kennedy | ||
politikus | ||
echte namme | John Fitzgerald Kennedy | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 29 maaie 1917 | |
berteplak | Brookline (Massachusetts) | |
stjerdatum | 22 novimber 1963 | |
stjerplak | Dallas (Teksas) | |
dynasty | Kennedy-famylje | |
etnisiteit | Iersk | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 1963 | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1961 – 1963 | |
foargonger | Dwight D. Eisenhower | |
opfolger | Lyndon B. Johnson | |
Amerikaansk senator foar Massachusetts | ||
amtsperioade | 1953 – 1960 | |
foargonger | Henry Cabot Lodge jr. | |
opfolger | Benjamin A. Smith II | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 11de Distrikt fan Massachusetts) | ||
amtsperioade | 1947 – 1953 | |
foargonger | James Michael Curley | |
opfolger | Tip O'Neill |
John F. Kennedy, ropnamme: Jack, folút: John Fitzgerald Kennedy en ek wol bekend ûnder syn inisjalen JFK (Brookline (Massachusetts), 29 maaie 1917 – Dallas (Teksas), 22 novimber 1963), wie in Amerikaansk steatsman fan etnysk Iersk komôf. Hy tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch as luitenant-op-see yn 'e Amerikaanske Marine, wie fan 1946 oant 1952 foar de Demokratyske Partij lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1952 oant 1960 fan 'e Amerikaanske Senaat. Yn 1960 wûn er it by de presidintsferkiezings mei in tige smelle marzje fan Richard Nixon, wêrnei't er fan 1961 oant 1963 de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten en teffens de earste roomske Amerikaanske presidint wie. Op 22 novimber 1963 waard Kennedy yn Dallas deasketten troch in slûpskutter. De fermoedlike dieder, Lee Harvey Oswald, waard sels twa dagen letter fermoarde troch nachtklubeigner Jack Ruby. De moard op John F. Kennedy is sûnt mei riedsels omjûn, der binne withoefolle gearspanningsteoryen oer ûntstien.