Jules Verne | ||
skriuwer | ||
Jules Verne (foto Nadar). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jules Gabriel Verne | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 8 febrewaris 1828 | |
berteplak | Nantes (Frankryk) | |
stoarn | 24 maart 1905 | |
stjerplak | Amiens (Frankryk) | |
etnisiteit | Bretonsk Skotsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | aventoereromans & -ferhalen, SF, toaniel, poëzij, essay's, non-fiksje | |
perioade | 19e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Voyage au Centre de la Terre Vingt Mille Lieues sous les Mers De la Terre à la Lune Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours | |
jierren aktyf | 1850 – 1905 | |
offisjele webside | ||
www.jules-verne.nl |
Jules Verne (útspr.: [ʒyl vɛʁn]; folút: Jules Gabriel Verne; Nantes, 8 febrewaris 1828 – Amiens, 24 maart 1905) wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist, dy't it bekendst wurden is mei aventoereromans as Voyage au Centre de la Terre ("Reis nei it Mulpunt fan 'e Ierde"), Vingt Mille Lieues sous les Mers ("Tweintichtûzen Milen ûnder See"), De la Terre à la Lune ("In Reis nei de Moanne") en Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours ("In Wrâldreis yn Tachtich Dagen"). Verne wurdt beskôge as ien fan 'e grutte figueren fan 'e Frânske en Jeropeeske literatuer fan 'e njoggentjinde iuw, en hie in grutte ynfloed op 'e literêre avant-garde en op it surreälisme. Dêrnjonken wurdt er algemien as ien fan 'e grûnlizzers fan it science fiction-sjenre sjoen. Yn 'e Angelsaksyske wrâld hawwe ynkoarte edysjes en "bewurke" oersettings ôfbrek dien oan syn reputaasje, en sadwaande wurdt er dêr mear as in sjenre-auteur en skriuwer fan berneboeken beskôge. Sûnt 1979 is Verne de op ien nei meast oersette auteur fan 'e wrâld, efter William Shakespeare en foàr Agatha Christie.