Jules Verne

Jules Verne
skriuwer
Jules Verne (foto Nadar).
Jules Verne (foto Nadar).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jules Gabriel Verne
nasjonaliteit Frânsk
berne 8 febrewaris 1828
berteplak Nantes (Frankryk)
stoarn 24 maart 1905
stjerplak Amiens (Frankryk)
etnisiteit Bretonsk
Skotsk
wurk
taal Frânsk
sjenre aventoereromans & -ferhalen,
SF, toaniel, poëzij, essay's,
non-fiksje
perioade 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
Voyage au Centre de la Terre
Vingt Mille Lieues sous les Mers
De la Terre à la Lune
Le Tour du Monde en
   Quatre-vingts Jours
jierren aktyf 18501905
offisjele webside
www.jules-verne.nl
The Lighthouse at the End of the World wurdt beskôge as ien fan 'e bêste romans fan Verne's literêre poadium.

Jules Verne (útspr.: [ʒyl vɛʁn]; folút: Jules Gabriel Verne; Nantes, 8 febrewaris 1828Amiens, 24 maart 1905) wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist, dy't it bekendst wurden is mei aventoereromans as Voyage au Centre de la Terre ("Reis nei it Mulpunt fan 'e Ierde"), Vingt Mille Lieues sous les Mers ("Tweintichtûzen Milen ûnder See"), De la Terre à la Lune ("In Reis nei de Moanne") en Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours ("In Wrâldreis yn Tachtich Dagen"). Verne wurdt beskôge as ien fan 'e grutte figueren fan 'e Frânske en Jeropeeske literatuer fan 'e njoggentjinde iuw, en hie in grutte ynfloed op 'e literêre avant-garde en op it surreälisme. Dêrnjonken wurdt er algemien as ien fan 'e grûnlizzers fan it science fiction-sjenre sjoen. Yn 'e Angelsaksyske wrâld hawwe ynkoarte edysjes en "bewurke" oersettings ôfbrek dien oan syn reputaasje, en sadwaande wurdt er dêr mear as in sjenre-auteur en skriuwer fan berneboeken beskôge. Sûnt 1979 is Verne de op ien nei meast oersette auteur fan 'e wrâld, efter William Shakespeare en foàr Agatha Christie.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy