Kaakhorn

Kaakhorn (Grinslannersk: Koakhörn) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) , yn it noard-westen fan de provinsje Grinslân. It streekje leit direkt benoarden Westernieland oan in dearinnende dyk. De dyk rint oer de eardere âlde dyk út 1717. Hy hat 60 ynwenners (2008).

De namme fan 'e buorskip ferwiist nei de kaak dy't hjir yn earder tiden stien hat. De kaak (skandpeal) stie op de horn (= herne) fan it doarp.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy