It kalvinisme is in streaming fan it protestantske kristendom. It is baseare op de teology fan Jehannes Kalvyn. Of it letter kalvinisme ôfwykt of oerienkomt mei wat Kalvyn betocht hie, is in stúdzje op himsels.
It Kalvinisme soarge foar de twadde reformatoaryske golf, neidat oanhinger fan it Luteranisme fan de herfoarmer Maarten Luther de earste ferfolgingen ûnderfûn hiene. It kalvinisme hie in grutte ynfloed yn Frankryk, Skotlân, dielen fan Switserlân en de Nederlânen. De lear sloech ek oan by de puriteinen yn Ingelân en yn de Feriene Steaten dêr't no noch altyd de presbyteriaanske en kongregationalistyske tsjerken binne. Yn 1536 ferskynde de earste ferzje fan Kalvyns belangrykste wurk mei de namme De Ynstituten fan de Kristlike Religy.