Kaptein (rang)

In kaptein is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory. Troch leken op it mêd fan 'e kriichsmacht wurdt faak ûndersteld dat in kaptein by de lân- of loftmacht fan ekwivalinte rang is mei in kaptein-op-see by de marine, mar dat is sa net; kaptein-op-see is in hegere rang, dy't ekwivalint is oan in kolonel by de lân- of loftmacht.

Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan kaptein by de loftmacht flechtluitenant. Yn it Nederlânske leger is by de kavalery, in ûnderdiel fan 'e lânmacht, de ekwivalinte rang ritmaster. De oansprektitel fan in kaptein is "kaptein" (of "ritmaster" by de kavalery). De boppelizzende rang is majoar, en de ûnderlizzende rang is earste luitenant. Dêrmei is kaptein de heechste subalterne ofsiersrang. De term 'kaptein' komt fan it Grykske wurd κατεπάνω, katepánō, dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it Byzantynske Ryk. Yn it Nederlânske leger hat kaptein de âldere rang fan hopman ferfongen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy