Kartago 𐤒𐤓𐤕𐤟𐤇𐤃𐤔𐤕 Qart-ḥadašt | |
---|---|
814 f.Kr. – 146 f.Kr. | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
It Kartaachske Ryk yn 264 f.Kr. | |
polityk | |
haadstêd | Kartago |
offisjele taal | •Punysk •Fenisysk •Berbersk •Numidysk |
steatsfoarm | • keninkryk oant 480 f.Kr. • republyk |
ûntstien út | Fenysje |
opgien yn | • Romeinsk Afrika • Sicilia (Romeinske provinsje) • Hispanje • Mauretaanje |
no diel fan | • Algerije • Itaalje • Lybje • Malta • Marokko • Spanje • Tuneezje |
sifers | |
ynwennertal | 3.700.000-4.300.000 (221 f.Kr.) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Kartaachske sjekel |
It Kartaachske Ryk of it Punyske Ryk wie yn de âldheid de grutste seemacht en beskaving yn it westlike Middellânske Seegebiet. De stêd Kartago wie it sintrum fan it ryk dat fan likernôch 814 f.Kr. oant 146 f.Kr. bestie. It begûn as in Fenisyske hannelskoloanje en woeks stadichoan út ta in machtige stedsteat. It waard oant de tredde iuw f.Kr. de machtichste see- en hannelsmacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. It ryk omfieme op syn wiidst de kustgebieten fan it hjoeddeistige Lybje, Tuneezje, Algerije, Marokko en Spanje en de eilannen Malta, Sisylje, Sardynje, Korsika en de Baleären.
It ryk hie de grutste kriichsfloat fan dy tiid en in leger dy't foar in grut part út hierlingen bestie. Troch syn dominante posysje rekke Kartago gauris yn konflikt mei buorfolken, lykas de ferskate Berberske stammen yn Noard-Afrika, de Grykske Sisyljers yn Sisylje en de machtiger wurdende Romeinske Republyk, dêr't Kartago nei de Punyske oarloggen lang om let belies oan jaan moast.
De taal fan de Kartagers wie it Punysk, dat út it Fenisysk wei fuortkaam. De wichtichste boarnen oer Kartago dy't oerlevere binne, komme fan Gryksk-Romeinske skriuwers, lykas fan benammen Polybius en Titus Livius, om't in grut part fan it Punysk skriuwwurk fuortrekke waard. De Grykske en Romeinske skriuwers skreaune lykwols yn in negatyf ljocht oer Kartago om't it de fijân wie. Troch argeologyske fynsten is der folle mear oer de Kartaachske kultuer bekend wurden.