Katholieke Bijbelstichting

Katholieke Bijbelstichting
algemiene ynformaasje
ôfkoarting KBS
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd útjaan fan bibels
haadkertier De Bosk (Noard-Brabân)
oprjochte 1961
fuortk. út Sint-Willibrordvereniging
offisjele webside
www.bijbel.net

De Katholieke Bijbelstichting (KBS) is in roomske útjouwerij mei as doel om 'e Bibel te printsjen, út te jaan en te fersprieden yn it Nederlânske taalgebiet, net inkeld foar húslik of tsjerklik gebrûk, mar ek foar it ûnderwiis en de kategeze. Dêrnjonken publisearret de KBS (ûnder de namme fan KBS Uitgeverij) boeken op it mêd fan spiritualiteit, leauwensopfieding en ynterreligieuze dialooch. Dêr wol de KBS oan bydrage út roomske leauwensboarnen wei. De KBS waard oprjochte yn 1961 en is fuortkommen út de Sint-Willibrordvereniging. De earste útjefte wie de roomske Nederlânsktalige bibeloersetting dy't bekend wurden is as de Willibrordvertaling, út 1978. Datselde jiers joech de KBS, tegearre mei it protestantske Nederlands Bijbelgenootschap, ek de Nije Fryske Bibeloersetting út. De KBS is fêstige yn De Bosk (foarhinne yn Bokstel), en hat ek in kantoar yn Flaanderen (Mechelen), dêr't men gearwurket mei de Flaamske susterorganisaasje, de Vlaamse Bijbelstichting (VBS), dy't fêstige is te Leuven.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in