Keinens of keinheid (miskien better bekend ûnder de Nederlânske namme kuisheid) is in eigenskip fan in persoan dy't yn algemiene sin ferwiist nei moreel gedrach en deugdsumens, almeast yn it ramt fan 'e foarskriften fan 'e hearskjende religy. Yn 'e Westerske wrâld, dy't oant fier yn 'e tweintichste iuw eksplisyt dominearre waard troch it kristendom, is keinens sterk assosjearre rekke mei seksuële ûnthâlding, yn 't bysûnder foar en bûten it houlik.
Yn it kristendom wurdt keinens fan âlds beskôge as ien fan 'e sân deugden, en ek yn 'e oare abrahamityske godstsjinsten, te witten it joadendom en de islaam, wurdt it fan âlds sjoen as in tige positive eigenskip. Dêrby waard yn alle trije neamde religyen foarhinne faak (en no noch wol) ûnderskie makke tusken manlju en froulju: foar manlju wurdt keinens as prizensweardige eigenskip sjoen, wylst it foar froulju faak bittere needsaak is om net ferstjitten of sels it slachtoffer fan earwraak te wurden. Fierders is in ûnthjit fan keinens ek ien fan 'e trije kleasterûnthjitten (njonken de ûnthjitten fan earmoede en hearrigens) dy't geastliken fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ôflizze by harren yntrede. Yn 'e sekuliere Westerske maatskippij hat keinens foar de measte minsken, yn 't bysûnder foar de jongere generaasjes, in frijwat negative lading krigen.