Kertiermaster is in term dy't yn gebrûk is yn 'e kriichsmacht en soartgelikense organisaasjes mei in systeem fan rangen. It is sels lykwols net in rang, hoewol't it by de Nederlânske Keninklike Marine wol de oansprektitel is fan in korporaal by de Operasjonele Tsjinst en de Nautyske Tsjinst. Ynstee is 'kertiermaster' in funksje dy't oan lju fan in beskate rang opdroegen wurde kin.
Yn lânmachten is in kertiermaster ornaris in relatyf heechpleatst soldaat of ûnderofsier, dy't it tafersjoch hat oer foarrieden of barakken, en dy't foarrieden en fiktaalje útdielt. Yn marines is in kertiermaster faak in ûnderofsier mei spesjaal foech oangeande bestjoering fan it marineskip en it trochjaan fan sinjalen oan oare skippen.
De term 'kertiermaster' liket in lienfertaling te wêzen oan 'e titel fan in eardere hege funksjonaris yn 'e hofhâlding fan Dútske keningen en keizers, de Quartiermeister. It wurd bestjut letterlik "funksjonaris mei tafersjoch" (master) oer "it tawizen fan ûnderdak" (kertiering of ynkertiering). It is ek mooglik (mar minder wierskynlik) dat de term ûntliend is oan 'master fan it kertierdek', wat op sylskippen it dek wie dêr't de kaptein en de roerman it skip (be)stjoerden. Omtrint 1600 waard de term foar it earst brûkt yn in militêre kontekst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |