Keunst

Keunstwurk yn Tel Aviv-Yafo

Keunst is it bewust skeppen fan in effekt, fral wêr't it effekt wichtiger is as in praktyske tapassing fan dy skepping. De measte keunstners besykje dêrby de minsklike sin foar estetyk oan te sprekken. Om't net eltse keunstner dat docht, en ek om't troch ferskillen yn persoan en kultuer de sin foar estetyk net foar eltsenien itselde is, kin it wêze dat wat foar de ien wol keunst is dat foar in oar net is. Fral dêr't effekt wichtiger is as tapassing wurdt in waarnimmer twongen in oare betsjutting te finen as brûkberens, wêrtroch keunst by de waarnimmer gefoelens oproppe kin.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in