Klovis I

Doop fan Klovis (midsiuwsk miniatuer út Vie de saint Denis, Bibliothèque nationale de France.)

Klovis of Klodovech I (466, Doarnik - 27 novimber 511, Parys) wie kening fan de Franken. Hy stiet bekend as in ferneamde kening dy't alle fersprate Frankyske stammen byinoar ûnder ien keningskip brocht en in part fan it eardere Romeinske Galje yn syn macht krige. Hy wie de âldste soan fan Gilderik I, in stamhaad fan de Salyske Franken en nei alle gedachten ek generaal ûnder de West-Romeinske keizer Majorianus en de legeroanfierder Aegidius.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy