Komeet

Komeet Hale-Bopp op 29 maart 1997 fotogravearre boppe Pazin, Kroaasje
Komeet Hale-Bopp (11 maart 1997) mei blauwe plasma- en wite stofsturt. Yn beide sturten binne strielen en piken te ûnderskieden. Blackwater Falls State Park, Davis (West Virginia) mei in 20-sm f/1.5 Schmidt teleskoop, beljochtingstiid 1 minút.
Komeet en sturt yn baan om de sinne
Simulaasje fan de baan fan in komeet

Kometen binne lytse hemellichems dy't frij faak tige elliptyske banen om in stjer draaie en út iis, gas en stof bestean ("smoarge snieballen"). As in komeet ticht genôch by in stjer komt en waarmer wurdt sublimearret in diel fan de matearje wêrút se bestiet om in saneamde koma (in atmosfear) en/of in komeetsturt te foarmjen. It fêste diel fan de komeet wurdt dan de komeetkearn neamd.

Kometen besteane út in kearn (1-50 kilometer) mei dêromhinne in gaswolk (koma) fan 100.000-1.000.000 kilometer grut en ien of mear lange sturten (oant mear as 150 miljoen kilometer lang). De omrintiid om de stjer kin in jier oant tûzenen jierren bedrage.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy