Krusiging fan Jezus

In skilderstik fan Diego Velázquez út de 17e iuw

De Krusiging fan Jezus is in barren fan krúsjaal belang yn it kristendom It barde yn Judeä yn de earste iuw, rûchwei tusken 30 en 33. De krusiging fan Jezus is beskreaun yn de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint en ek wurdt der yn de brieven yn it Nije Testamint nei ferwiisd. It wurdt lykwols ek befêstige troch net-kristlike boarnen, hoewol't der fierders gjin ienriedigens ûnder de skiedkundigen is en gjin sekuere details foarhannen binne.

Neffens de evangeeljes waard Jezus arrestearre en berjochte troch it Sanhedrin, en dêrnei troch de Romeinske lânfâd Pontius Pilatus feroardiele om gisele en dêrnei krusige te wurden. Hy waard ûntdien fan syn klean, en him waard jittik of wyn fermongen mei mirre en galle oanbean nei't er sei: "Ik ha toarst". Hy waard tusken twa feroardiele dieven oan it krús hongen en neffens it Evangeelje fan Markus stoar er op de njoggende oere fan de dei (om trije oere middeis hinne). Underwilens hiene Romeinske soldaten in boerd boppe-oan it krús befêstige, mei de wurden; "Jezus fan Nazaret, Kening fan de Joaden", en neffens it Evangeelje fan Jehannes waard dy tekst yn trije talen skreaun, Hebriuwsk, Latyn en Gryksk. Dêrnei ferparten se syn klean ûnder elkoar en smieten se lotten foar syn klaad sûnder naden, op 'e nij neffens it Evangeelje fan Jehannes. Neffens deselde boarne pjukte in soldaat syn spear yn de side fan Jezus nei't er al ferstoarn wie, wêrnei't bloed en wetter út 'e wûne wei rûn. De Bibel neamt sân krúswurden dy't Jezus sei, wylst er oan it krús hong, en in stikmannich boppenatuerlike foarfallen wurde ek neamd.

Meiïnoar de Passy neamd, steane it lijen en de ferlossende dea fan Jezus troch krusiging sintraal yn de kristlike teology dat de lear fan ferlossing en fermoedsoening oanbelanget.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in