La Paz (Bolivia) | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Bolivia |
Provinsje | Pedro Domingo Murillo |
Departemint | La Paz |
Sifers | |
Ynwennertal | 757.184 (2012) |
Oerflak | 187,24 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 4.044 / km² |
Stêdekloft | 2 miljoen (2012) |
Hichte | 3600 m |
Oar | |
Stifting | 1548 |
Tiidsône | UTC-5 |
Webside | Webstee fan La Paz |
La Paz, offisjeel (Spaansk): Nuestra Señora de La Paz ("Us Leaffrou fan de Frede"), Aimara: Chuqi Yapu of Chuquiago, is de haadstêd fan it departemint La Paz en de administrative haadstêd fan Bolivia. La Paz leit yn kleau, ûnder in heechflakte, op in hichte fan 3600 meter oan de rivier La Paz. Op de heechflakte leit de stêd El Alto mei de ynternasjonale lofthaven fan La Paz, dy't ek El Alto hjit. La Paz wurdt faak sjoen as de heechst lizzende haadstêd fan de wrâld, mar de offisjele haadstêd fan it lân is Sucre.
De stêd waard yn 1548 stichte troch konkwistadore Alonso de Mendoza op it plak fan de ynlânske delsetting Chuqi Yapu.
La Paz waard yn 1898 de de facto sit fan de nasjonale oerheid. Dy feroaring wie it gefolch fan de oergong fan de foar de Boliviaanske ekonomy och sa wichtige, mar doe fierhinne útputte, sulverminen fan Potosí nei de eksploitaasje fan tin tichteby de stêd Oruro, en fan de feroaringen yn de distribúsje fan de ekonomyske en politike ynfloed fan de ferskate nasjonale elites dy't dat fan gefolgen hier.