Leginde

Skilderij út de 17e iuw wat de leginde fan Willem Tell sjen lit.

In leginde (fan it Latynske legenda, "wat lêzen wurde moat") is in subsjenre fan it folksferhaal dat ynearsten in libbensbeskriuwing fan in hillige omfieme, wêryn't faak alderlei wûndertekens beskreaun waarden. Eartiids waard yn kleasters by de metten en by it miel foarlêzen út hilligenlibbens, boeken mei libbensbeskriuwings fan hilligen. Dy teksten waarden yn it Latyn fan de Midsiuwen oantsjutten mei legenda. It wurd foar les is ek hjirfan ôflaat.

Stadichoan is de betsjutting fan leginde alhiel útwreide nei alderlei oare ferhalen dy't trochferteld waarden as wier bard, alhoewol't hja histoarysk sjoen net bewiisd wurde kinne, bygelyks it bestean fan it Meunster fan Loch Ness en de Yeti.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in