Libben

Planten yn it Rûwenzoary-berchtme yn Uganda.

Libben is in fysiko-gemysk systeem, dat troch de útwikseling fan enerzjy en matearje mei syn om-en-by, en tanksij in ynwindich metabolisme, by steat is om himsels yn stân te hâlden, te groeien, him fuort te plantsjen en him oan te passen oan feroaring yn syn om-en-by, sawol op 'e koarte termyn, troch gedrach, as op 'e lange termyn, troch genetyske evolúsje. Libben is in skaaimerk dêr't fysike entiteiten dy't biologyske prosessen hawwe (lykas in bist, plant, skimmel, baktearje of protist) har mei ûnderskiede fan fysike entiteiten dy't sokke prosessen net hawwe (lykas in stien, klute grûn, wetterplasse, ôffallene tûke of kadaver). Firussen en oansibben foarmje datoangeande grinsgefallen, en ek oangeande keunstmjittich libben binne de neamde kritearia twifelich, sadat net folslein dúdlik is oft dy ferskynsels ta it libben rekkene wurde kinne. Der binne ferskate oare en/of spesifikere definysjes fan libben yn omrin, mar net ien is slutend of algemien akseptearre.

In libben wêzen is in organisme. De tûke fan wittenskip dy't him taleit op it ûndersyk nei it libben is de biology. In wittenskipper dy't him dêrmei dwaande hâldt is in biolooch. De wittenskiplike kategorisaasje fan al it libben op 'e Ierde yn groepen fan besibbe soarten is de taksonomy. De Aldgrykske wiisgear Aristoteles wie de earste dy't dêrmei úteinsette, mar it systeem fan twafâldige wittenskiplike nammen dat hjirfoar no yn gebrûk is, waard yn 'e achttjinde iuw ûntwikkele troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus.

Hoewol't men libben oant no ta inkeld op 'e Ierde mei wissichheid fêststeld hat, giet men derfan út dat der ek bûtenierdsk libben bestean moat, wêrby't men net yn it foarste plak tinkt oan heechûntwikkele beskavings fan yntelliginte wêzens, mar earder oan ienfâldige organismen, lykas baktearjes of skimmels. Keunstmjittich libben is in kompjûtertechnologyske simulaasje fan wier libben. It tsjinstelde fan it libben is de dea, dat omskreaun wurde kin as de ôfwêzichheid fan alle biologyske prosessen. Dêrby binne der anorganyske dingen, dy't altyd dea west hawwe, mar ek dingen dy't libben wiene, mar deagien binne troch it proses fan ferstjerren, dat in ein makket oan it libben. Utstjerren is it proses wêrby't in hiele soarte of in groep besibbe soarten wêzens ophâldt te libjen. Deade oerbliuwsels fan libbene organismen wurde kadavers of yn it gefal fan minsken, liken of stoflike omskotten neamd. In Fossyl is it ûndergrûnsk ferstienne en dêrtroch preservearre kadaver (of alteast it skelet fan it kadaver) fan in organisme út it ferline.

It libben op 'e Ierde kaam tusken 3,8 en 4,1 miljard jier lyn ta stân. Foarhinne leaude men dat libben geregeldwei troch it proses fan spontane generaasje fuortkaam út anorgane materialen, mar dy (no folslein ûntkrêfte) teory wie basearre op byleauwe en breklik ûndersyk. De moderne wittenskip is fan betinken dat it libben op 'e Ierde oarspronklik wol deeglik fuortkommen is út libbenleas materiaal, yn in proses dat abiogeneze neamd wurdt. Dat soe lykwols in proses west hawwe dat mar ien kear foarkommen is en wêrby't organyske stoffen har yn it oersop oer ferrin fan miljoenen en miljoenen jierren ûntwikkele hawwe soene ta primitive sellen. Molekulen as DNA en RNA soene by abiogeneze in wichtige rol spile hawwe. Neitiid soene dy earste sellen har troch in proses fan evolúsje stadichoan ûntjûn hawwe ta al it libben op 'e Ierde sa't dat no bestiet. Yn july 2016 makken ûndersikers bekend dat se in byinoarhearrende groep fan 355 genen identifisearre hiene fan 'e lêste universele mienskiplike foarâlder (last universal common ancester, LUCA) fan alle organismen op 'e Ierde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.



From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in