It libben nei de dea is de oanname dat in essinsjeel diel fan 'e identiteit of it bewustwêzen fan in wêzen trochbestiet nei it ferstjerren fan it fysike lichem fan datselde wêzen. Dat essinsjele diel wurdt almeast oantsjut as de siel of de geast fan sa'n yndividu. It leauwen yn in libben nei de dea foarmet in ûnderdiel fan krúsjaal belang yn frijwol alle religyen. Sok leauwen stiet yn kontrast mei it leauwen dat nei de dea inkeld ivige ferjitnis folget, in idee dat de measte ateïsten oanhingje.
Faak nimt de fuortsetting fan it bestean yn in libben nei de dea de foarm oan fan in spirituële besteanssfear, dy't oantsjut wurdt as it hjirneimels. By in leauwe yn reynkarnaasje kin in siel yn in 'nij' lichem yn dizze wrâld werberne wurde, almeast sûnder te ûnthâlden wat him of har yn eardere libbens of yn in eventueel tuskenskoft yn in hjirneimels oerkommen is. Reynkarnaasje wurdt ornaris foarsteld as in meganisme dat almar op 'e nij plakfynt yn in oanhâldende syklus oant in siel in beskate mjitte fan kennis sammele hat dy't foldwaande is om talitten te wurden ta in posityf spiritueel hjirneimels dat yn guon religyen oantsjutten wurdt mei de algemiene termen 'himel' of 'paradys'.
Ek religyen dêr't it idee fan reynkarnaasje gjin diel fan útmakket, kenne yn 'e regel it konsept fan 'e himel wol, faak yn kombinaasje mei it begryp 'hel' foar in negatyf spiritueel hjirneimels, dêr't de ferstoarnen bedarje dy't bestraft wurde moatte. Sa dominearret yn 'e abrahamityske religyen it idee dat de deaden nei harren ferstjerren nei de himel of de hel geane al neigeraden dat God beslist op basis fan itsij harren dieden yn it libben, itsij predestinaasje. Yn kontrast dêrmei wurdt yn leauwenssystemen mei reynkarnaasje, lykas de Yndyske religyen, it aard fan it nije libben yn 'e syklus fan it bestean direkt bepaald troch de útkomst (karma) fan 'e ôfweaging fan alle goede en alle minne dieden fan it yndividu yn it foargeande libben.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|