Libretto

Libretto (Italjaansk foar boekje; is de gongbere beneaming foar it tekstboekje fan in opera, operette, ballet of musical. Yn rommere sin is libretto de tekst, besteande út dialogen en rezjy-oanwizings, dy’t de grûnslach binne fan in teatrale opfiering mei muzyk.

It libretto as printe spyltekst fan de opera waard by de foarstellings oan it publyk te keap oanbean. Yn acht nommen dat de teäterseal lange tiid net fertsjustere waard, koe de tekst ûnder de foarstelling meilêzen wurde.

Tal fan opera’s, dêr de muzyk fan ferlern gien is, bliuwe troch de bredere fersprieding fan it libretto noch bekend. It libretto wurdt noch wolris ûnderwurdearre yn ferhâlding ta de muzyk, wat bliken docht út it feit dat by it neamen fan in opera faak ek de namme fan de komponist neamd wurdt, mar komselden dy fan de librettist. Yn de achttjinde iuw wie dat net altyd it gefal en droech de opera faak de namme fan de librettist as foarnaamste auteur fan it wurk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy