Lingua franca

In lingua franca is in taal dy’t as mienskiplik kommunikaasjemiddel op grutte skaal brûkt wurdt tusken minsken mei ferskillende memmetalen.

Lingua franca komt fan it Latynsk en waard foar it earst brûkt foar in fariant fan it Italjaansk, it betsjut letterlik “Frankyske taal”. It wie in mingde taal, besteande út ûnferbogen Italjaansk mei in wurdskat út it Italjaansk, Turksk, Perzysk en Arabysk. Eartiids waard it brûkt foar kommunikaasje yn it Heine Easten. Tsjintwurdich wurdt de term brûkt foar eltse taal dy’t troch sprekkers fan ferskate talen brûkt wurdt om mei elkoar te kommunisearje.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in