Lolland

Lolland
geografy
lokaasje Eastsee
lân flagge fan Denemark Denemark
koördinaten 54° 46' N 11° 25' E
algemien
haadstêd Nakskov
sifers
maks. lingte 58 km
maks. breedte 20 km
oerflak 1.243 km²
heechste punt 25 meter

Lolland is mei in oerflak fan 1.243 km² ien fan 'e trije grutste eilannen fan Denemark. It eilân wurdt fan 'e smelle Guldborg Sund skieden fan it eilân Falster. It grutste plak op it eilân is Nakskov, oare gruttere plakken binne Maribo, Sakskøbing en Rødby.

De namme betsjut 'leechlân' en it heechste punt fan it eilân is 25 meter dat tichteby it doarp Horslunde leit. Dat wie yn 'e Twadde Wrâldkriich in wichtich plak foar it kommunikaasjenetwurk fan 'e Dútske besetter. De grutste mar op it eilân is de Søndersø, dy't mei oare marren ûnderdiel fan it natoerpark Maribosøerne foarmet.

It gea bestiet út flak en fruchtber lân, dêr't tradisjoneel sûkerbiten ferboud wurde. Fan it grutte tal fabriken dy't er ea wiene is dy fan Nakskov noch jimmeroan yn bedriuw. Nakskov hie oant 1986 ek skipsbou en doe't de werf sletten waard wie dat in grutte slach foar it eilân.

Lolland is ien fan 'e earmere kriten fan Denemark.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy