Maleisk | ||
algemien | ||
eigen namme | Bahasa Melayu هاس ملايو | |
lânseigen yn | Yndoneezje, Maleizje, Singapore, Tailân, Filipinen, Myanmar,
Kambodja, Sry Lanka, Brûnei, Timor, Cocos Eilannen, Christmas Eilân | |
skrift | it Latynske alfabet Arabysk skrift | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Austronesysk
| |
dialekten | Maleiske dialekten | |
taalstatus | ||
offisjele status | Yndoneezje, | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | ms | |
ISO 639-2 | may | |
ISO 639-3 | zlm |
It Maleisk heart ta de Austronesyske talen en is fan oarsprong de memmetaal fan de Maleizjers, de ynwenners fan it Maleisyske skiereilân, Súd-Filipinen, Súd-Tailân, Singapore en parten fan Sumatra.
De taal wurdt sprutsen yn ûnder oare Brûnei, Maleizje en Yndoneezje. Yn dat lêste lân is Bahasa Yndoneezje in standerdisearre foarm fan ûnder oare it eardere pasar-Maleisk. Yn Singapore is it ien fan de fjouwer offisjele talen. Hjir en yn Brûnei wurdt it ienfâldichwei it Bahasa Melayu (Maleiske taal) neamd.
De offisjele standert foar it Maleisk, dy't oerienkommen is tusken Brûnei, Yndoneezje en Maleizje, is Bahasa Riau, de taal fan de Riouwarchipel, dêr't lang fan tocht is dat dêr de oarsprong fan de Maleiske taal lei.
Troch de lange histoaryske banden tusken Yndoneezje en Nederlân binne in protte Maleiske wurden yn it Nederlânsk en Frysk opnommen. Foarbylden binne amok (amuk), kras (keras), sarong (sarung), toko, bakkeleien (berkelahi), pikeren (pikir), pisang en kapok (kapuk).