Martha's Vineyard

Martha's Vineyard
De Gay Head-kliffen en de fjoertoer fan Aquinnah.
De Gay Head-kliffen en de fjoertoer fan Aquinnah.
emblemen
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Massachusetts
county Dukes County
haadplak Egartown
grutste plak Egartown
sifers
ynwennertal 20.500 (2020)
oerflak 250 km²
befolkingstichtens 82,4 / km²
kustline 200 km
heechste punt Peaked Hill (94,8 m)
oar
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
koördinaten 14°24′ N, 70°37′ W
kolonisearre 1642
offisjele webside
mvy.com
kaart
De Gay Head-kliffen en de fjoertoer fan Aquinnah.
De lizzing fan Martha's Vineyard (read) yn Massachusetts.

Martha's Vineyard (útspr.: [ˈmaɹθəz ˈvɪɲəɹd], likernôch: "marzus win-jurd") is in Amerikaansk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan. It wurdt ek wol koartwei "the Vineyard" neamd. De namme betsjut letterlik "Martha har Wyngerd". Martha's Vineyard heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Massachusetts. It leit foar de súdeastkust fan dy steat, rjocht besuden it skiereilân Cape Cod. It omfettet ek it 'eilân' Chappaquiddick, dat eins in skiereilân fan Martha's Vineyard is. It eilân stiet bekend as in fakânsjeoarde foar de superriken út Boston en New York. De permaninte befolking bestiet út krapoan 21.000 minsken, mar simmerdeis, as alle fakânsjehuzen bewenne wurde, waakst it ynwennertal oan ta mear as 200.000 minsken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy