Masedoanjers (Masedoanysk: Македонци, Makedontsji) – ek wol Masedoanyske Slaven neamd in Súd-Slavyske etnyske groep dy't meastentiids assosjearre wurde mei de Republyk Masedoanje. Hja sprekke de Slavysk-Masedoanyske taal, in Súd-Slavyske taal. Goed trijkwart fan alle etnyske Slavyske Masedoanjers libje yn de eardere Joegoslavyske Republyk Masedoanje, lykwols bestean der ek yn oare lannen mienskippen.