Massyljers

It gebiet fan de Massyljers yn it giel

De Massyljers (Aldgryksk: Μασσύλιοι Massylioi, Latyn: Massyli) wiene in Berberske stamme fan eastlik Numydje, yn hjoeddeistich Algerije en Tuneezje. Bewesten harren gebiet wie it gebiet fan de Massesyljers yn westlik Numydje en beëasten harren gebiet wie it gebiet fan it rike en machtige Kartago, dy't in dominante ynfloed oer harren hie. Hja waarden bestjoerd troch in kening.

Yn de Twadde Punyske Oarloch keazen de Massesyljers ynearsten de kant fan de Romeinske Republyk en waarden laat troch harren kening Syffaks, dy't tsjin de Massyljers ûnder harren kening Masinissa, dy't in bûnsmaat fan de Kartaachske Republyk wie, focht. Nei't Masinissa en de Massyljers de kant fan Rome keazen, keazen de Massesyljers de kant fan Kartago en syn generaal Hasdrubal Gisko tsjin Rome. Syffaks waard ferslein en hy brocht de rêst fan syn libben troch yn in Romeinske finzenis. Kening Masenissa waard dêrnei kening fan it feriene Numydje, dat de earste erkende Berbersteat waard. Masinissa regearre oant syn dea yn 146 f.Kr.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in