Masturbaasje (fan it Latynske masturbari, fan ûndúdlike etymology) is it stimulearjen fan 'e geslachtsdielen en/of de anus troch it brûken fan in hân of hannen, in finger of fingers, seksboartersguod, aldendeiske foarwerpen, of in kombinaasje dêrfan. It doel is om seksueel geniet op te wekjen, faak (mar net altyd) oant der in orgasme folget. Masturbaasje wurdt faak lykslein mei selsbefrediging, it masturbearjen fan jinssels, mar men kin ek in oar masturbearje. Masturbaasje wurdt oan dien troch beide geslachten en lju fan alle leeftiden. Der binne fan masturbaasje gjin sûnensrisiko's bekend. As it oan in orgasme ta folholden wurdt, folget der in natuerlike ûntspanning fan it minsklik lichem, dy't in skoftke ta in gefoel fan slûgens liede kin.