Mem

In Sikkimeeske mem mei har bern.

In mem is in frou of wyfkesbist mei neiteam. Dit is in foarm fan earstegraads besibskip. By de minske wurdt sokke neiteam spesifiker oantsjut as (ien of mear) bern, dat sawol jonges as famkes wêze kinne. As it om in jonge giet, sprekt men fan in soan, en as it om in famke giet, fan in dochter. By bisten wurdt ornaris de algemiene term 'jongen' oanholden, sûnder fierder ûnderskie te meitsjen tusken de geslachten. De relaasje tusken in mem en har bern wurdt oantsjut as it memwêzen, en ek wol as de memmesteat of materniteit. De jierlikse feestdei dêr't it memwêzen op fierd wurdt, hjit Memmedei. Poppenammen foar in mem binne yn it Frysk memmy of memke. Yn wurdferbinings komt fierders de argayske foarm moer noch wol foar (lykas yn 'moerfoks', in wyfkesfoks). It eigenskipswurd dat ferwiist nei de mem is memme-, memmich of maternaal.

In ferneamde foto út 'e Grutte Depresje (1936) yn 'e Feriene Steaten (troch Dorothea Lange), fan Florence Thompson mei har bern.

De manlike wjergader fan 'e mem is de heit. Mem en heit wurde tegearre de âlden, âldelju of âlders neamd, en foarmje mei harren bern in famylje-ienheid dy't it gesin hjit, en dy't faak beskôge wurdt as de basisienheid fan 'e minsklike maatskippij. It komt net selden foar dat de heit net oan it grutbringen fan syn bern dielnimme wol of kin, en dat de mem dan de bern allinne grutbringt; yn sa'n gefal sprekt men fan in allinnichsteande mem. Foarhinne wie it in grutte skande as de heit útpykt wie, en bearden froulju dan faak dat se widdo wiene. Tsjintwurdich binne brutsen gesinnen troch skieding fan 'e âlden in rûnom foarkommend ferskynsel.

De bân tusken in mem en har bern is almeast ien fan besibskip, wêrby't de mem de bern sels troch swierwêzen en befalling te wrâld brocht hat yn in biologysk proses dat fuortplanting neamd wurdt. Om dizze gong fan saken te ûnderskieden fan oare foarmen fan 'e memmesteat, wurde sokke memmen ek wol bertemem of biologyske mem neamd. As de biologyske mem om 'e iene of oare reden har bern net grutbringe kin of wol, kin in bern hielendal of foar in diel troch in oare frou grutbrocht wurde. Soks kin bygelyks foarkomme troch sykte of ferstjerren fan 'e biologyske mem, om't dy fanwegen emosjonele ûngeskiktheid (bernemishanneling) út har rjochten set is, of om't de âlden útinoar gien binne en de heit de hiele of dielde fâdij oer de bern krigen hat.

Yn dat lêste gefal wurdt de nije frou of freondinne fan 'e heit de styfmem neamd. As bern ûnderbrocht wurde by lju dêr't se hielendal gjin famyljebân mei hawwe, is de mem in pleechmem, of, as der in formele adopsje plakfûn hat, in adopsjemem. Yn 'e praktyk wurde alle neamde soarten memmen troch de bern faak gewoan mei 'mem' oansprutsen. Foar froulju dy't sels net by steat binne om swier te wurden of om in bern te foldragen, mar dy't dochs in bernewinsk hawwe, kin soms in draachmem ynset wurde, wêrby't in oare frou harsels (frijwol altyd yn in laboratoariumsitewaasje) swiermeitsje lit mei it genetysk materiaal fan 'e oansteande heit en mem. Nei de befalling stiet hja de poppe dan oan harren ôf. Fierders wurdt de mem fan jins oarehelte oantsjut as in skoanmem.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in