Monogamy

Monogamy (fan it Grykske μονός, monos, "ien" of "allinne", en γάμος, gamos, "houlik") is in foarm fan relaasje mei geslachtsferkear wêrby't in yndividu mar ien partner tagelyk hat. Foarhinne wie dizze term inkeld tapasber op houlikssitewaasjes, mar tsjintwurdich wurdt it ek rûnom brûkt foar gearwenjende pearkes of sels foar losse relaasjes. Tsjinstelde konsepten binne polyamory, wêrby't men yntime relaasjes ûnderhâldt mei ferskate partners tagelyk mei ynstimming fan alle yndividuën dy't derby belutsen binne, en polygamy, in houlik fan mear as twa persoanen. Fan monogamy wurdt ek sprutsen by bisten dy't mar ien pearingspartner yn in pearseizoen hawwe.

Der wurde ferskillende soarten monogamy ûnderskaat:

  • houliksmonogamy: in houlik fan twa minsken
  • maatskiplike monogamy (of sosjale monogamy): twa partners dy't gearwenje, geslachtsferkear mei-inoar hawwe en gearwurkje om 'e earste libbensbehoeften te bemachtigjen, lykas ûnderdak, iten en jild
  • seksuële monogamy: twa partners dy't geslachtsferkear mei-inoar en inkeld mei-inoar hawwe
  • genetyske monogamy: twa partners dy't in seksueel monogame relaasje hawwe dêr't bern út fuortkommen binne

Fierders moat der noch ûnderskie makke wurde tusken ien gefal fan monogamy foar it libben, en searjemonogamy, it hawwen fan ferskate monogame relaasjes of houliken efterinoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in