Monolooch

In monolooch is in allinnichspraak; in betooch fan ién persoan dy’t oan it wurd is (en bliuwt), faak sûnder dat der harkers binne.

Monolooch komt fan it Gryksk, dêr’t μονος (monos) ién en allinnich betsjut, en λογος (logos) wurd of idee betsjut. Yn it teater is it in toanieloptreden fan ién akteur binnen in toanielstik. Dêrfoar wurdt faak de term soliloque brûkt.

Yn in petear op in byienkomst betsjut in monolooch dat de oare oanwêzigen net oan it wurd komme kinne of meie. In taspraak dus. It is it tsjinoerstelde fan in dialooch.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy