De moraal is it stelsel fan wearden en noarmen dat feitlikens foar in bepaalde groep jildt.
De moraal soe werspegele wêze moatte yn de wet en yn de godstsjinst. Lykwols binne dy ôfspegelings net folslein en ek kin de moraal fan parten fan in groep, feitlikens wer lytsere groepen, wer ôfwike fan dy fan de hiele groep. Hjirtroch binne seden, de brûkmen dy't bassearre binne op de moraal, neffens de moraal goed, of soms sels easke, wylst se neffens de wet dochs strafber of neffens de godtsjinst dochs sûndich wêze kinne.
Dit probleem jildt fral foar nijkommers yn in groep, lykas ymmigranten en bekearlingen. Undersyk hat oantoant dat der al wearden binne dy't foar hast alle minsken itselde binne, mar de noarmen dy't dêrop bassearre binne, ferskille tusken kultueren. Dy ferskillen komme fuort út ferskillen yn de rangoarder fan dy wearden tusken ferskillende kultueren en troch ferskillen yn de libbensomstannichheden fan de groep. Dêrtroch kin de moraal fan in ymmigrant út in oare kultuer bot ôfwyke fan de moraal dy't yn syn nije lân yn de wet dellein is. En op deselde wize kin de moraal fan de bekearling dochs fier ôfstean fan syn nije leauwen.
In foarbyld fan dat lêste ferskil is werom te finen yn de leginde fan it kerstenjen fan Redbad. At Redbad doopt wurde sil, freget er, wêr neffens de Kristenen syn âldfaars wêze sille wylst hy yn de himel komt. It docht bliken dat dy dêr neffens de kristenen net by him wêze sille, om't hja gjin kristenen wienen. Neffens it Kristendom is de rêding dy't Redbad bean wurdt de heechste wearde, mar Redbad folget de Germaanske moraal, dy't de famylje as de heechste wearde beskôget. Dat hy wiist it Kristendom ôf om't er dêryn net mei syn âldfaars feriene wurde sil.