Nederlands Bijbelgenootschap | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | NBG | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | útjaan en fersprieden fan bibels | |
haadkertier | Haarlim (Noard-Hollân) | |
oprjochte | 1814 | |
tal leden | >2.000 | |
offisjele webside | ||
www.bijbelgenootschap.nl |
It Nederlands Bijbelgenootschap (NBG) is in protestantske feriening dy't him ta doel steld hat om 'e Bibel oer te setten, te printsjen en te fersprieden, en foarjochting oangeande de Bibel te jaan. It NBG waard yn 1814 oprjochte op inisjatyf fan 'e British and Foreign Bible Society, dy't tsien jier earder al stifte wie. Yn 't earstoan bestiene de wurksumheden benammentlik út 'e distribúsje fan bibels, mar fan 1847 ôf begûn it NBG ek sels bibels út te jaan. It beheinde syn aktiviteiten net inkeld ta it Nederlânsk taalgebiet; al fan 1823 ôf waarden der yntern taalkundigen oplaat om bibeloersettings nei oare talen meitsje te kinnen (lykas it Javaansk en oare lânseigen talen yn Nederlânsk-Ynje). Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard dat wurk oerdroegen oan 'e United Bible Society (UBS). Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste iuw wurdt by it oersetten en útjaan fan bibels yn 'e regel gearwurke mei de roomske Katholieke Bijbelstichting; sa joegen beide organisaasjes yn 1978 tegearre de Nije Fryske Bibeloersetting út. Foar wittenskiplike stipe waard by de oersetting fan it Alde Testamint fan 'e Nederlânsktalige Nieuwe Bijbelvertaling fierders ek gearwurke mei joadske teologen. It NBG is fêstige te Haarlim. Yn 2003 waard it behear fan 'e útjouwerij fan it NBG oerdroegen oan Uitgeversgroep Jongbloed op it Hearrenfean.