Noardgermaanske talen

De plakken dêr't de Noardgermaanske talen sprutsen wurde yn it grien en blau

De Noardgermaanske of Skandinavyske talen binne it Deensk, it Noarsk (Bokmål en Nynorsk), it Sweedsk, it Yslânsk en it Faeröersk. Se wurde benammen yn Skandinavië sprutsen troch ûngefear 20 miljoen minsken.

De Noardgermaanske talen binne nauwer besibbe oan de Eastgermaanske as oan de Westgermaanske. It Noardgermaansk is bekend fan runenynskripsjes fanôf de 3e iuw nei Kristus. Der is in literêre tradysje fanôf de 9e iuw.

De fêstelân-Skandinavyske talen (Deensk, Noarsk en Sweedsk) binne op in hichte ûnderling fersteanber. Deensk en Bokmål lykje wol sa sterk op inoar, dat sommige taalkundigen se as dialekten fan deselde taal beskôgje.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy