Noardhoeksk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Noardklaaifrysk | |
eigen namme | Noardhoeksk | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 39.000 (2004, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Noardhoeksk | |
dialekten | Westnoardhoeksk, Eastnoardhoeksk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
gjint |
It Noardhoeksk, inkeld ek wolris Noardklaaifrysk neamd, is ien fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten. It wurdt sprutsen yn it noardeasten fan 'e provinsje Fryslân, in gebiet dat rûchwei begrinzge wurdt troch de Lauwersmar yn it easten, it Waad yn it noarden, it Bilt yn it westen en in tinkbyldige line fan Ljouwert oer Burdaard en Dokkum nei Ingwierrum yn it suden. Neffens in skatting op grûn fan gegevens út 2004 soe it Noardhoeksk yn 'e provinsje Fryslân sprutsen wurde troch likernôch 39.000 minsken; hoefolle Friezen om utens oft Noardhoeksk sprekke is net dúdlik.