| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Oanfal op Pearl Harbor wie in ferrassingsoanfal troch bommesmiters en jachtfleantugen fan 'e Keizerlike Japanske Marine, dy't yn 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 útfierd waard op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare Amerikaanske militêre doelen op it eilân Oähû, yn it Territoarium Hawaï. De oanfal, dy't troch de Japanners oantsjut waard as de Hawaï-operaasje, Operaasje AI en Operaasje Z, wie bedoeld as in previntive aksje om foar te kommen dat de Amerikaanske Pasifyske Float him bemuoie koe mei de plande Japanske ynvaazje fan 'e oerseeske gebietsdielen fan it Feriene Keninkryk, Nederlân en de Feriene Steaten yn Súdeast-Aazje.
De oanfal waard útfierd troch 353 Japanske fleantugen fan 6 fleandekskippen, dy't fan 7.48 oere pleatslike tiid ôf yn twa weagen Oähû oer it mad kamen. Fan 'e acht oanwêzige Amerikaanske slachskippen waarden fjouwer ta sinken brocht, wylst de oare fjouwer slimme skea oprûnen. Trije krusers, trije torpedoboatjagers en fiif oare skippen waarden ek ta sinken brocht of slim skansearre. Fan 'e 402 Amerikaanske militêre fleantugen op Oähû waarden 188 ferneatige en rekken 159 skansearre. Der foelen by it bombardemint oan 'e Amerikaanske kant 2.403 deaden. De folgjende sân oeren fierden de Japanners koördinearre oanfallen út op Amerikaanske doelen yn 'e Filipinen, Gûam en Wake en op Britske doelen yn Malakka, Singapoer en Hongkong.
It resultaat fan 'e Oanfal op Pearl Harbor wie dat de Amerikaanske Pasifyske Float tydlik fierhinne útskeakele wie, hoewol't de Japanners de trije Amerikaanske fleandekskippen, dy't op it momint fan it bombardemint net yn 'e haven oanwêzich wiene, mist hiene. De oanfal, dy't kaam sûnder dat Japan en de Feriene Steaten yn steat fan oarloch ferkearden, waard yn 'e Feriene Steaten sjoen as in ferriedlike skanddie. Op 8 desimber hold presidint Franklin D. Roosevelt foar de radio syn ferneamde Day of Infamy-taspraak en furdige it Amerikaanske Kongres in oarlochsferklearring tsjin Japan út. Op 11 desimber ferklearren de bûnsgenoaten fan Japan, nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje, de oarloch oan 'e Feriene Steaten. De Oanfal op Pearl Harbor wie sadwaande ien fan 'e wichtichste kearpunten yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw, om't it de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e Twadde Wrâldoarloch bewissige. Nei de oarloch soe it bombardemint by de Prosessen fan Tokio oanmurken wurde foar in oarlochsmisdie.