Ommelannen

0Goaen fan Fryslân (midsiuwen-1428)
Goaen fan Lyts-Fryslân (1428-1594)
Goaen fan Stêd en Lân (1594-1798)
kriten fan Grinslân (1814-no)
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Appingedam, Winsum
offisjele taal Aldfrysk
Grinslânsk
Nederlânsk
steatsfoarm federaasje fan boererepubliken, letter steatefraksje
ûntstien út Easterlauwersk Fryslân
opgien yn departemint fan de Iems
no diel fan Grinslân Grinslân
bykommende ynformaasje
muntienheid Emdenske Gûne

De Ommelannen binne it part fan de provinsje Grinslân bûten de stêd Grins. Hja wiene fan oarsprong part fan de Sân seelannen yn it Fryske wengebiet. De Ommelannen waarden ek wôl Lyts-Fryslân neamd.

De Ommelannen wiene oant de 15e iuw Frysktalich. Yn 1594 waarden Grins en de Ommelannen by de reduksje fan Grins gearfoege ta de provinsje Stêd en Lân (nl: Stad en Lande; no Grinslân). In gefolch dêrfan wie dat de Ommelannen ûnder ynfloed fan de stêd stadichoan Saksysktalich, Grinslânsk, waarden. Der binne yn it Grinlânsk lykwols al noch oerbliuwsels fan it Frysk werom te finen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in