Operaasje Market Garden
|
Part fan de Twadde Wrâldkriich
|
Parasjutisten
|
|
datum: |
17 septimber 1944 – 25 septimber 1944
|
plak: |
Tusken Eindhoven en Arnhim
|
útkomst: |
Dútske oerwinning, weromlûken fan Alliearden
|
konfliktpartijen
|
|
befelhawwers
|
|
sterkte
|
|
ferliezen
|
Britten: 13.785 Amerikanen: 4000 Poalen: 378 dea
|
2000-3000 dea, 7.000 ynkl. ferwûnen en fermisten
|
|
|
|
Operaasje Market Garden wie de koadenamme foar in allieard offensyf yn de Twadde Wrâldkriich. De operaasje spile him yn it tiidrek tusken 17 en 27 septimber 1944 ôf yn de Nederlânske provinsjes Noard-Brabân en Gelderlân (en foar in lyts part yn Dútslân). Doel fan it offensyf wie in flugge opmars yn it Tredde Ryk en de wichtichste wetterwegen en it Ruhrgebiet te befrijden fan de nazi's.
It plan wie om mei parasjutisten yn it fijanlik gebiet de stêden en fral brêgen te feroverjen, wêrnei't de grûntroepen mei in snelle opmars troch de Dútske ferdigening nei Arnhim komme koenen. Dútslân soe dan foar de kryst fan 1944 ferslein wêze.
Nei de operaasje analisearre Eisenhower dat de operaasje „foar 50 persint slagge wie“: De alliearden ferskoden de frontliny wol fan Belgje nei Nijmegen, mar it doel, om om de ferdigeningsliny's fan de Dútsers hinne te kommen nei Arnhim ta, slagge net. It ûnferwachte ferset fan de Dútsers yn Arnhim makke it net mooglik om de Rynbrêge te feroverjen. De alliearden moasten troch grutte materiële ferliezen, ferwûne en deade soldaten weromlûke.