Opfieding

Opfieding is in proses wêrby't in persoan (meastal in bern) oantrune en ûnderstipe wurdt ta lichaamlike, emosjonele, sosjale, finansjele en yntellektuële ûntwikkeling, mei as eindoel syn of har selsstannigens as folweardich lid fan in kultuer en maatskippij. By bern wurdt de opfieding ek wol it grutbringen of opbringen neamd en omfiemet it ek algemiene fersoarging troch it bieden fan iten en drinken, klean en ûnderdak. It grutbringen wurdt ornaris dien troch de âlden, en duorret fan 'e berte ôf oant de folwoeksenens berikt is, yn 'e regel rûchwei achttjin jier.

As it goed is, wurdt it bern yn dy perioade foarme nei de algemien jildende noarmen en wearden fan syn of har kultuer, en sosjalisearre sadat hy of sy produktyf mei oare leden fan 'e maatskippij fan dy kultuer omgean kin. It krekte aard fan 'e opfieding ferskilt lykwols fan kultuer ta kultuer, en dêrnjonken besteane der binnen ien kultuer ek grutte ferskillen as men histoaryske tiidrekken mei-inoar ferliket, om't de filosofy fan de opfieding troch de iuwen hinne oanhâldend bleatsteld west hat oan feroaring. De wittenskipsdissipline dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan opfieding hjit opfiedkunde of pedagogyk.

De opfieding kin beskôge wurde as in soarte fan oplieding foar it libben. Njonken de âlden drage in grut tal oaren oan 'e opfieding fan ien bern by, wêrûnder pakes en beppes, omkes en muoikes, babysitters, meiwurkers fan 'e kres of it pjutteboartersplak, ûnderwizers op 'e basisskoalle, leararen op 'e middelbere skoalle, dosinten en perfesters yn it heger ûnderwiis, ensfh., mar ek jeugdfreonen en âldere bern dy't as foarbyld tsjinje. It primêre fermidden fan 'e opfieding is foar de measte bern it gesin, en dêrbinnen nimme soms âldere bruorren of susters in diel fan 'e opfieding fan 'e jongere bern op har.

As in folwoeksene him net oan 'e algemien aktseptearre omgong mei oaren hâldt, en om dy reden in nije opfieding kriget, wurdt oer it algemien sprutsen fan weropfieding. Soks bart ornaris yn 'e finzenis of in oare strafynrjochting dêr't sokke persoanen tsjin harren wil fêstholden wurde. Hoewol't yn Nederlân en de measte oare lannen de finzenisstraffen dy't oplein wurde kinne, benammen rjochte binne op ferjilding, binne ornaris beslist ek weropfiedingseleminten yn 'e straffen bemjukse. Yn Nederlân hat men dêrfoar de eufemistyske oantsjutting 'tarieding op 'e weromkear yn 'e maatskippij' betocht. De term 'weropfieding' wurdt ek wol yn ûneigentlike sin brûkt foar yndoktrinaasje fan dissidinten yn diktatueren, wêrfoar't dyselden dan fêstholden wurde yn penitinsjêre weropfiedingsynstellings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in