Oranje Frijsteat

flagge fan Oranje Frijsteat
lizzing fan Oranje Frijsteat yn Súd-Afrika

De Oranje Frijsteat (Oranje Vrystaat yn it Afrikaansk) wie de histoaryske foargonger fan de hjoeddeiske provinsje fan Súd-Afrika: Frijsteat. De Frijsteat, it gebiet tusken de Oranjerivier en de Faal, waard oprjochte troch de boeren, nei harren foartrek, en anneksearre troch it Feriene Keninkryk yn 1848. De Britten erkenden de ûnôfhinklikheid fan de Oranje Frijsteat op 17 febrewaris 1854, en it lân waard ûnôfhinklik op 23 febrewaris 1854, mei de ûndertekening fan it Kontrakt fan Bloemfontein. De frijsteat wie neamd nei de rivier Oranje (dy't op syn beurt wer ferneamd wie nei it Keningshûs fan Nederlân, de Oranje-Nassaus (1854-1904). De haadstêd fan de frijsteat wie Bloemfontein.

Hoewol't de Oranje Frijsteat in polityk en ekonomysk sterke republyk waard, wie it ferwikkele yn in lang duorjend konflikt mei de Britten, de Boere-oarloch. Bûnsgenoat yn dizze oarloch wie de bruorre-republyk Transvaal (Súd-Afrikaanske Republyk). Dizze oarloch duorre mar troch, oant it gebiet anneksearre waard troch de Britten as de Oranjerivierkoloanje. De koloanje waard yn 1910, ûnder presidint Steyn by de Uny fan Súd-Afrika foege.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy