Organisearre territoarium

De ûntwikkeling fan 'e territoaria fan 'e Feriene Steaten fan 1810 oant 1920.

In organisearre territoarium is yn 'e Feriene Steaten in krite lân ûnder Amerikaanske soevereiniteit dy't net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat leit, mar wol in eigen regear hat dat oprjochte is troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Sa'n regear bestiet ornaris út in territoriale folksfertsjintwurdiging om 'e wetjaande macht út te oefenjen, in keazen territoriaal gûverneur dy't oan it haad stiet fan in bestjoer dat de útfierende macht hat, en fierdersoan de basisorganisaasje fan in eigen rjochterlike macht. Sûnt 1959 besteane der gjin organisearre territoaria mear.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy