Orkney-eilannen

Plak fan de Orkneyeilannen (yn 't donkerblau)
De Sint Magnuskatedraal yn Kirkwall
De Ring fan Brodgar op Mainland

De Orkney-eilannen of Orkaden (Skotsk-Gaelysk: Àrcaibh, Ingelsk en Skotsk: Orkney as Orkney Islands) binne in groep fan likernôch 200 lytse eilannen dy't 16 km benoarden Caithness yn Noard-Skotlân foar de kust lizze. De Orkney-eilannen foarmje yn 'e mande mei de noardliker leine Sjetlâneilannen de Noardlike Eilannen fan Skotlân. Orkney is (sûnt 1975) fierders ek ien fan de riedsgebieten (council areas) en lieutenancy areas fan Skotlân. It grutste eilân hjit Mainland. Totaal binne sa'n 20 eilannen bewenne. Mainland (Stromness) is te berikken mei in fearboat út Thurso yn Skotlân wei. It haadplak is Kirkwall en de riedskrite hat 20.100 ynwenners (2010) .

Lânbou is hjoeddedei de wichtichste ynkomstenboarne, útsoarte kofeehâlderij en suvelproduksje. Dêrnjonken destillearjen (Highland Park Single Malt-whisky), toerisme en oalje dat yn de Noardsee wûn wurdt en oer de Orkney's nei Europa foar fierdere ferwurking giet.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy