Oxford

Oxford
Lân Grut-Brittanje
Provinsje: Oxfordshire
Dielsteat: Ingelân
Gebiet: Súdeast-Ingelân
Ynwennertal 148.800 (2005)Boarne: Volkstelling 2001, National Statistics
Oerflak: 45,6 km²
Tiidsône: UTC +0
Webside: Oxford City Council offisjeel webstee
Lizzing yn Oxfortshire

Oxford is in stêd, en de haadstêd fan it greefskip Oxfordshire, yn de rgio Súdeast-Ingelân. De stêd is ferneamd wurden troch syn midsiuwske universiteit. Der wenje sa'n 165,000 minsken, dêrfan 151,000 binnen de distriksgrinzen. De rivieren Cherwell en Teems rinne troch Oxford en komme justjes besuden it sintrum byinoar. De Teems yn Oxford hjit 'De Isis', oer in lingte fan sa'n 10 km. Oxford is fanâlds in stêd mei in soad yndustry, benammen de foarstêd Cowley hat in grutte autoyndustry..

Oxford wurdt wol de "stêd fan de dreamerige spitsen" (City of the dreaming spires) neamd, om de harmoanyske arsjitektuer fan de universiteitsgebouwen mei harren tuorkes; de term is munte troch Matthew Arnold.

De namme Oxford betsjut itselde as Coevorden, Ochsenfurt en Bosporus: in furde ("ford") yn in rivier dêr't boeren harren kij, oksen ("oxen"), oerstekke litte koenen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy